Volt Fryslân set folgjende stap

Op tongersdei 5 febrewaris 2026 feroaret ús Fryske community yn in offisjele regionale ôfdieling. By it oprjochtingscongres yn Teater De Bres yn Ljouwert lizze wy de demokratyske basis foar ús dielname oan de Provinsjale Steateferkiezings fan 2027. Boust ek mei oan in takomstbestindich Fryslân?

29 des. 2025
Publiek van achteren tijdens Volt congres 2024

Al in skoft litte wy as aktive community yn Fryslân sjen dat it oars kin. Mei dizze professionalisearring fergrutsje wy ús organisatoaryske slachkrêft. Sa kinne wy in noch krêftiger, progressyf en Europeesk lûd hearre litte yn ús provinsje.

In demokratyske basis

In wichtich ûnderdiel fan it congres is de ferkiezing fan it bestjoer fan Volt Fryslân en de kandidatekommisje. Dizze teams sille de koers foar de kommende jierren bepalen. Ek starte hja de syktocht nei de kandidaten dy’t ús yn de provinsjale polityk fertsjintwurdigje sille.

Provinsjale ambysjes foar 2027

Us ambysjes binne helder: wy wolle de brêge slaan tusken Europeeske oplossingen en de unike útdagingen fan Fryslân. Tink oan de transysje nei duorsume, natuerynklysive lânbou en it stimulearjen fan in ynnovative ekonomy dêr’t start-ups en ûndernimmers de romte krije om te groeien.

It is tiid foar in nije politike enerzjy yn Fryslân. Mei dizze stap tariede wy ús foar op de ferkiezingen fan maart 2027. Ons doel? Op syn minst ien sit yn it provinsjehûs om út in grinsoerstiigjend perspektyf wei mei te bouwen oan Fryslân.

Ferbining tusken lokaal en Europeesk

Yn it congres geane wy ek yn petear oer de ferbining tusken alle politike lagen: fan de lokale Fryske polityk oant het Europeesk Parlemint. Wy binne grutsk dat fertsjintwurdigers fan it lânlik bestjoer fan Volt Nederlân hjirby oanwêzich binne om dizze mylpeal mei ús te fieren.

Komst ek?

Ofst no al lang lid bist of gewoan nijsgjirrich nei ús plannen: do bist fan herte wolkom! Klik op de knop hjirûnder foar mear ynformaasje.