Opiny: Fryslân op wei nei in klimaatneutrale takomst

It klimaat is ien fan de meast urginte kwestjes fan ús tiid. It beynfloedet net allinnich de takomst fan ús planeet, mar hat ek direkte gefolgen foar it deistich libben yn Fryslân. Volt Fryslân stiet foar in radikale oanpak fan it klimaatprobleem sûnder taboes.

3 nov. 2023
Volt vlag met de lucht als achtergrond

Wy wolle in klimaatneutraal Fryslân yn 2040, yn line mei ús fyzje foar in klimaatneutraal Europa. Dat betsjut in fossylfrije enerzjy miks, in wetterstofekonomy dêr't ek de swiere yndustry op draait, klimaatneutrale lânbou en bou, en in folweardich fossylfrij iepenbier ferfiernetwurk, bygelyks op grien opwekte elektrisiteit en wetterstof.

Wêrom is dit sa wichtich foar Fryslân?

It is in feit dat klimaatferoaring net ophâldt by provinsjegrinzen. Wat der yn de rest fan Nederlân en Europa bart, hat direkte gefolgen foar Fryslân. Tink oan stigende seespegels dy't ús kustline bedriigje, ekstreme waarsomstannichheden dy't de lânbou beynfloedzje, en de needsaak om ús enerzjyfoarsjenning te ferduorsumjen. Dêrom is it essinsjeel dat Fryslân, tegearre mei de rest fan Nederlân, har ferantwurdlikheid nimt en bydraacht oan in klimaatneutrale takomst.

Hoe wolle wy dit berikke?

Volt Fryslân stribbet nei in enerzjytransysje dy't rap, mar ek sosjaal rjochtfeardich is. Behâld fan de Mienskip - in goed sosjaal leefklimaat - is essinsjeel. Wy begripe dat de oergong nei griene enerzjy útdagingen mei him meibringt, en wy moatte derfoar soargje dat gjinien efterbliuwt. Wy ûnderkenne dat net elkenien deselde finansjele mooglikheden hat om it hûs te ferduorsumjen. Dêrom wolle wy in lokaal lienstelsel opsette, sadat minsken mei beheinde finansjele middels ek enerzjybesparjende maatregels treffe kinne. Dêrby moedigje wy ek it opslaan fan enerzjy op lokaal nivo oan. Soks draacht net allinnich by oan ferduorsuming, mar fersterket ek lokale mienskippen.

We binne ús derfan bewust dat we om klimaatneutraal te wêzen yn 2040, net allinnich ynsette moatte op ynnovaasje. Wy moatte ek minder konsumearje. Mear omtinken foar de hjirfoar nedige gedrachsferoaring is nedich. Sa kinne wy it klimaat helpe troch minder CO2 út te stjitten. Dat dogge wy bygelyks troch faker te fytsen, minder te fleanen, mear omtinken te jaan oan gas- en stroomferbrûk en, net te ferjitten, omtinken te jaan oan wat je ite.

Wy wolle klimaatdoelstellings yntegraal ûnderdiel wêze litte fan alle aktiviteiten yn Fryslân. Dat betsjut dat wy karren en gedrach fan boargers en bedriuwen dy ’t bydrage oan it berikken fan ús klimaatdoelen, oanmoedigje. Tink dêrby oan fermindering fan de CO2 - útstjit, wergebrûk fan ôffalstoffen, ynvestearjen yn griene ynnovaasjes, duorsume produksjeprosessen, skjinne enerzjy en duorsum transport. Dêrom wolle wy duorsume enerzjyboarnen lykas wyn en sinne befoarderje, mar steane wy ek iepen foar ûndersyk nei mooglikheden fan kearnenerzjy, yn gearwurking mei oare provinsjes en lannen. Dêrneist pleitsje wy foar de ûntwikkeling fan in griene wetterstofekonomy en de útbou fan wynparken op de Noardsee, mei oare regio's dy't oan de Noardsee lizze. Gearwurking is essinsjeel om fierder te kommen.