Opiny: Nije BFTK 2024-2028

"In bedrach fan 18 miljoen euro foar ymmaterieel erfguod liket aardich, mar yn deselde wike gong der sa’n 2,5 miljard euro nei ien bedriuw: Tata Steel. Foar echte lykweardichheid is der dus noch in lange wei te gean."

16 apr. 2024
Man met Fryslân pet op

It Ryk en de provinsje Fryslân hawwe op 8 april de bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) ûndertekene. Yn dit akkoard is fêstlein dat der de kommende jierren 18 miljoen euro beskikber is foar de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. De BFTK stipet fiif prioriteiten foar de perioade 2024-2028: sichtberens (yn de iepenbiere romte), digitalisearring (lykas KY en spraakwerkenning), ûnderwiis (ferbettering op alle nivo's), taaloerdracht (thús oan de bern), en desintraal belied (op gemeentenivo).

Der wurde stimulearringsmaatregels nommen om mear dosinten te krijen dy’t it Frysk behearskje, en der wurde middels frijmakke om in bachelor Fryske taal en kultuer en in minor Frysktalige sjoernalistyk op te setten. Ek wurdt der in praktoraat Frysk oprjochte op de MBÛ’s en meartalichheidskoördinatoaren oansteld by gemeenten. Dizze koördinatoaren sille helpen by it brûken en fuortsterkjen fan it Frysk yn it gemeentebelied troch ferbiningen te lizzen mei de mienskip.

Wat de meartalige berne-opfang oanbelanget wurdt der stribbe nei folsleine dekking yn it Fryske taalgebiet. Ek werhellet it akkoard in pear ûntwikkelingen dy't al earder ynset binne: alle basisskoallen yn it Fryske taalgebiet sille sprekke, lêze en skriuwe oanbiede moatte op nivo. Spitigernôch wurdt der net spesifyk ynset op mear trijetalige skoallen wêr’t njonken Nederlâns en Frysk ek Ingelsk brûkt wurdt as fiertaal.

Kommissaris fan de kening Arno Brok woe dizze kear in minder behâldende bestjoersôfspraak, en dit liket slagge. In bedrach fan 18 miljoen euro foar ymmaterieel erfguod liket aardich, mar yn deselde wike gong der sa’n 2,5 miljard euro nei ien bedriuw: Tata Steel. Foar echte lykweardichheid is der dus noch in lange wei te gean. Mar foarearst kinne der moaie stappen set wurde. Of sa’t de wat mear optimistyske Friezen it sizze soene: in boppeslach.

It is fansels noch ôfwachtsjen wat dizze BFTK bestjutte sil foar de gemiddelde Fries. De meast weardefolle ympakt soe in omslach yn tinken wêze. En krekt dat hoecht neat te kosten. Want úteinlik hinget it lot fan in taal ôf fan hoe't minsken der yn it deistige libben mei omgean. Sa as by in soad dingen yn it libben, binne de bêste dingen fergees.