Volt Fryslân kongres 28 novimber 2026
Wolkom op de kongresside fan Volt Fryslân. Hjir fynsto de lêste ynformaasje oer it kommende kongres, lykas de aginda en de rûtebeskriuwing.
Fuort nei
Gean fuort nei de ynformaasje dysto sikest fia de folgjende links:
Alle ynformaasje op in rige
Lokaasje
It kongres fynt plak op sneontemiddei 28 novimber tusken 13.00 en 17.00 oere yn de kapel fan dbieb yn Ljouwert.
Op de foarriedige aginda stean de neikommende punten:
Yn 'e kunde komme mei de kandidaten en it ynstimmen fan de kandidatelist
It besprekken en ynstimmen mei ús ferkiezingsprogramma
In update fan it kampanjeteam oer de oankommende kampanje
Ien of mear gastsprekkers oer saken dy't ús allegearre reitsje
De konseptaginda fynst hjir. De definitieve aginda krijst in wike foar it kongres fia it e-mailadres dêrst mei ynskreaun stiest by Volt Nederlân.
Moasjes en amendeminten
Foarôfgeand oan it kongres kinne moasjes en amendeminten yntsjinne wurde fia ús side op Motion Tools.
Wichtige data:
Fan 24 oktober oant 16 novimber 2026 kinst moasjes en amendeminten yntsjinje, besprekke en stypje fia Motion Tools.
Mear ynformaasje oer it yntsjinjen fan ekstra agindapunten, moasjes en amendeminten fynst hjir (Nederlânske ferzje).
Fragen?
Ast fierdere ynformaasje nedich hast oer it gebrûk fan it systeem, stjoer dan in e-mail nei [email protected].
Meld dy oan
Wy sjogge dy graach op 28 novimber yn Ljouwert. Lit ús witte datsto derby bist! Fia de knop hjirûnder bestelst maklik dyn tickets.
Kinst der fisyk net by wêze? Gjin probleem. Kinst ek online dielnimme. Wy diele foarôf in link om de sesje live te folgjen.