Rûnlieding nij Cambuur Stadion
Tongersdei 16 febrewaris hat Niels van Felius, ko-lead belied, út namme fan Volt Fryslân in presintaasje fan Bouwend Nederland en in rûnlieding op it bouterrein fan it nije Cambuur Stadion bywenne. It is moai om te sjen dat ûnderwiis en ûndernimmerskip yn it stadion in mienskiplik plak krije. By de presintaasjes waarden in tal tema's besprutsen: Wenningen, Ynfrastruktuer, Duorsumens en Wurkgelegenheid.
De konklúzje fan de presintaasjes wie dat der mear jild moat nei de bou fan wenningen, mar ek mear jild nei ûnderhâld en bou fan de ynfrastruktuer. Ek hawwe wy in pear hiele hurde nuten te kreakjen mei de enerzjytransysje en it gasleas meitsjen fan wiken. Spitigernôch waard der allinnich praat oer transport fan enerzjy, mar lokale opslach en lytse ketens waarden net neamd. Wat Volt oanbelanget in miste kâns. Dêrneist waard oanjûn dat de bou foar foldwaande wurkgelegenheid soargje kin de kommende jierren. En ek dat de polityk de bou helpe moat mei it stypjen fan omtinken foar lytsskalige projekten yn stee fan enoarme bouprojekten, benammen yn en om wenkearnen. Dat fine wy goede ûntjouwingen, mits der IFD (Industrieel, Flexibel en Demontabel) boud wurdt. Sadat de gebouwen, as se op dat plak net mear brûkber binne, maklik demontearre en opnij brûkt wurde kinne.
Ik miste de krityske fragen fan ús kollega politisy en oanwêzige steateleden. Nei de presintaasjes bleaune der by my in tal fragen ûnbeantwurde: sil de befolking fan Fryslân wier sa hurd groeie? Hoe behelje wy de opdracht duorsumens as de mjitmetoaden allinnich sjogge nei bewenning en gebrûk, wylst it bouwen, slopen en ôffieren net meinaam wurde yn de kalkulaasjes? Dizze en oare krityske fragen waarden spitigernôch net steld.
Volt Fryslân wol bouwe oan in echt duorsume takomst!
Volt wol ynvestearjen bliuwe yn de bou fan duorsume wenningen. Dat smyt net allinnich wenromte op, mar ek wurkgelegenheid. Dêrby kinne wy profitearje fan ûnder mear de mooglikheden fan prefab bouwe, tydlike en splitste wenten. Hjirneist wol Volt de trochstreaming op de wenningmerk befoarderje. Ek moatte we ynvestearje yn it better isolearjen fan de besteande wenningfoarried sûnder dat dit de lêsten ferheget foar minsken dy 't no al muoite hawwe om harren enerzjyrekken te beteljen.