De stânpunten fan Volt Fryslân

Wy binne drok dwaande dizze side oan te meitsjen. Us stânpunten binne basearre op it groeidokumint belied.

Dit binne ús temas:

De 5 + 1 útdagingen yn Europa neffens Volt

Volt hat 5 + 1 fûnemintele útdagingen definiearre dy 't yn elk Europeesk lân en yn hiel Europa oanpakt wurde moatte.

De fiif útdagingen binne yn prinsipe itselde foar elk lân en regio, mar de ymplemintaasje kin oanpast wurde oan de nasjonale kontekst en rekken hâlde mei lokale realiteiten. De + 1 útdaging - ús útstel om de EU te herfoarmjen en te fersterkjen - is identyk yn alle lannen en regio's.

Mear wite?
  • 01

    Tûke oerheid

    Underwiis en digitalisearring binne kaaieleminten fan de 21e iuw.

  • 02

    Ekonomyske renêssânse

    De Europeeske ekonomyen moatte de motor fan de foarútgong fan de maatskippij wêze.

  • 03

    Sosjale gelikens

    Elkenien yn Europa moat wis wêze fan gelikense rjochten en kânsen.

  • 04

    Wrâldwide balâns

    Europa moat ferantwurdlikheid nimme foar syn rol yn mondiale útdagingen.

  • 05

    Krêft by de boarger

    Minsken moatte by steat steld wurde ynfloed út te oefenjen op de polityk foarby de ferkiezingen.

  • +1

    EU-herfoarming

    Wy hâlde fan de EU - mar der is altyd romte foar ferbettering.