Us ferhaal
Volt as beweging
Volt is in Europeeske politike beweging, mar net alles hoecht fansels út Europa wei regele te wurden. Volt wol nei in nije polityk dy't basearre is op in sterke lokale en regionale demokrasy, wêryn't boargers romte hawwe om selsstannich eigen karren te meitsjen.
Volt is foar in Europeeske Uny fan regio’s dy’t de grutte problemen oer de grins oppakt. Klimaatferoaring, feilichheid en migraasje hâlde har net oan grinzen. De oplossingen hjirfoar ek net. Dizze oplossingen hawwe lokaal harren wjerslach en dêrom fynt Volt Fryslân it hiel wichtich om de ynwenners fan de provinsje goed by alle ûntwikkelingen, lokaal en regionaal, te belûken. Wy binne posityf ynsteld en sjogge nei realistyske, sosjale, duorsume oplossingen mei in breed draachflak.
Volt yn Fryslân
Volt Fryslân hat binnen Volt har eigen identiteit, as kultuerhistoaryske regio mei eigen taal en eigen kultuer. It ferhaal, it narratyf fan Volt Fryslân, ûntsprút út de trije kearnwearden fan de Friezen. Dizze kearnwearden draacht Volt Fryslân út:
Gearwurkje: Net links of rjochts tinke, mar foarút tinke. Frysk is gearwurkje op regionaal, provinsjaal, nasjonaal en benammen Europeesk nivo. Dêrby stiet hieltyd foar eagen it finen fan oplossings foar no en foar de folgjende generaasjes.
Eigenens: En eigenens freget om fearkrêft. De eigen kultuer en identiteit is de basis foar Mienskip en bliuwt behâlden troch dizze Mienskip. Dat betsjut ek dat frijwilligens gjin frijbliuwendheid is. Friezen fiele harren ferbûn mei harren provinsje en omjouwing. Se sjogge nochter nei útdagingen en kinne troch oer harren skaad hinne te stappen oplossings fine foar regionale en nasjonale problemen.
Der foar stean: Ja is ja en nee is nee. Keuzes wurde makke, ek as se somtiden lestich, pynlik of ympopulêr binne. As de karren basearre binne op kleare taal en goede feiten, binne de oplossingen in logysk gefolch. Fuortskridend ynsjoch hat de maatskippij foarút holpen en makket dêrom diel út fan it ynstrumintarium fan Fryske beslissers.