Strategiesesje Nijegea

Op sneon 19 novimber kamen Volters fanút Grinslân, Fryslân en Drinte byinoar yn it doarpshûs Op 'e Jister yn Nyegea. Net om te praten oer de politike aginda fan Volt, mar krekt oer de organisatoaryske útfieringsstrategy fan Volt Nederlân as politike partij en as beweging.

9 des. 2022
Volt vlag met de lucht als achtergrond

De sesje waard stipe troch Diederik van de Velde, projektlieder community organising by Volt Nederland, en laat troch mei-Volters Denise Filippo en Ivo Matser. Yn opdracht fan Emmy Mol fan it bestjoer fan Volt Nederland fine der troch it lân ferskate fan dizze sesjes plak.

It wie in hiel suksesfolle dei mei libbene diskusjes, sawol plenêr as yn groepssesjes. Dat hat in soad materiaal opsmiten op grûn wêrfan 't Volt Nederlân in optimalisearringsslach meitsje kin oangeande de organisatoaryske útfiering.

En dizze gearkomste wie ek in goede gelegenheid om de leden fan Grinslân, Fryslân en Drinte by elkoar te bringen. In moaie basis om yn de takomst noch fierder mei-inoar gear te wurkjen.

Alderearst ha we fansels de wearden fan Volt nochris ûnder de loep nommen:

Wearden

Fyzje

Politike wearden

- Radikaal posityf
- Ynteger
- Ambisjeus
- Eigenerskip
- Ien Volt

Volt bringt nije polityk dy't oer grinzen hinne sjocht om tegearre humane, sosjale, duorsume en technologyske foarútgong te realisearjen yn Europa.

- Europeesk
- Duorsum
- Doare
- Opl oplossingen rjochte
- Fernijend

Yn ús beskôging kamen oanfoljend noch wearden nei foaren as ‘sosjale koheezje’ en ‘sykje nei hearlikheid’.

Dêrnei hawwe wy wiidweidich diskusjearre oer hoe 't wy in noch mear aktyf en ferskaat ledebestân ûntstean litte kinne yn ús partij. En ek oer wat dat betsjut foar de ynterne kommunikaasje. Wy ûnderkenne dat it ferskaat fan ús leden oandacht nedich hat. De partij is groeid troch ynset fan benammen yntelliginte jongerein, mar Volt stiet iepen foar alle geledingen yn de maatskippij.

It oanmeldingsproses fertsjinnet in soad omtinken, sadat elkenien him wolkom fielt yn de partij. Goede ynformaasje, troch ûnder mear de moanlikse nasjonale nijsbrief en dêrneist de regionale nijsbrief, soargje foar belutsenens fan de leden. Mar ek persoanlike kontakten binne wichtich by de ûntwikkeling fan ús partij; inoar kennen leare, ûnderfiningen útwikselje en gewoanwei inoar opsykje ast op reis holpen bist dêrby.

Aktiviteiten fan de leden binne te sjen sawol binnen de politike partij as dêrbûten. Volters drage ús wearden ek út yn oare maatskiplike aktiviteiten; Volt as beweging!

Tal fan oare ûnderwerpen kamen oan 'e oarder. Opfallend wie foaral de ienriedigens fan de oanwêzigen. Dat joech in soad enerzjy!