Volt Fryslân kiest foar stabiliteit en groei. Gjin list by Provinsjale Steateferkiezingen 2027

De ôfrûne twa jier hawwe we keihurd wurke oan ús ambysje foar Fryslân. Wy stelle fêst dat ús organisatoaryske basis op dit stuit noch net sterk genôch is om ús beloften oan Fryske kiezers ek nei de ferkiezingen wier te meitsjen.

29 nov. 2026
Provinciehuis Leeuwarden - foto Frits de Jong

Volt Fryslân bliuwt trochgroeien en ús ambysje bliuwt ûnferoare: in stim yn Fryslân dy't Europeesk tinkt en lokaal hannelet, mei each foar takomstige generaasjes. De kar om gjin list te presintearjen by de Provinsjale Steateferkiezingen is dan ek dreech. Wy kieze foar stabiliteit en duorsume groei. Wy nimme de tiid om in stevige organisaasje te bouwen mei in mienskip dy't sterk genôch is om folgjende ferkiezingen fol betrouwen yn te gean.

Dêrfoar gean wy de provinsje yn. Wy wolle noch mear minsken belûke troch nije talinten de romte te jaan en sichtber te wêzen by de ûnderwerpen dy't Friezen reitsje. We ha al in prachtige basis delset en sjogge der nei út om dy te fergrutsjen de kommende tiid.

Wurd aktyf

Wolst meibouwe oan Volt Fryslân? Kom lang by ien fan ús eveneminten of meld dy oan as frijwilliger?