Besite biologysk dynamyske pleats

Op sneon 2 septimber hawwe in tal leden fan Volt Fryslân in besite brocht oan de ekstinsive feebuorkerij fan Sytse Gerritsma en Tiertsje Smink. Sy hawwe in biologysk dynamyske pleats yn it prachtige Ealahuzen. Sytse brocht in posityf en ynspirearjend ferhaal dat sjen lit dat, nettsjinsteande wat de aggrilobby en de BBB ús tinke litte wolle, oars buorkje wol deeglik in opsje is!

4 sep. 2023
Leden van Volt bij het bezoek aan de dynamische boerderij

Wêrom dizze oare foarm fan boeren?

Sûnt de jierren '50 is de ûntwikkeling fan de lânbou yn Nederlân folslein rjochte op skaalfergrutting. Dêrtroch binne wy neffens Sytse ôfdwaald fan it suvere buorkjen: boeren op basis fan natuerlike prinsipes. As boer bist hast folslein ôfhinklik fan de agri lobby. Elke oplossing fan de grutte agri bedriuwen soarget wer foar in probleem. Deselde bedriuwen komme dêrnei wer mei in oplossing foar it probleem dat sy sels kreëarre hawwe. Hjirtroch komme boerebedriuwen yn in fisieuze sirkel fan it agri-business systeem. Dêrom kiest Sytse der hiel dúdlik foar om bûten it systeem te buorkjen. Dit docht er bygelyks troch de kij gjin oar iten te jaan as gers, gjin gebrûk te meitsjen fan keunstdong of it hawwen fan molkrobots.

De sifers

Earst de sifers op rige. Sytse en Tiertsje hawwe yn totaal 83 ha lân wêrfan 26 ha natuerlân is en 57 ha gerslân. Dêrby moat gelyk opmurken wurde dat de 57ha gerslân net bestiet út it Ingelske raaigers, mar út in tsiental ferskillende soarten gerzen. Mannich boer soe dit gerslân dus ek as natuerlân sjen. Op dizze prachtige gersmatte rinne yn trochsneed 80 melkkij om, wat betsjut dat de grutfee ienheid (GEF) de bunder útkomt op mar 1.3, fier ûnder it gemiddelde fan 2.2 GEF p/ha yn Nederlân. De kij jouwe yn trochsneed 6000 liter molke yn it jier en ek dit is fier ûnder it gemiddelde, wat ûngefear tusken de 9000-10000 liter de ko yn it jier leit.

De fraachtekens

As wy dizze sifers besjogge riist gelyk de fraach oft dit model fan boeren wol út kin, in ko fan Sytse jout ommers folle minder molke as kij op oare bedriuwen. De pleats draait lykwols prima. Nei 5 jier op dizze wize boeren holden Sytse en Tiertsje de eigen broek op. De nuânse hjirby is dat der wol minsken wêze moatte dy 't ekstra betelje wolle foar it produkt dat op biologysk dynamyske wize produsearre is. Lokaal produsearje en lokaal konsumearjen stimulearret de belutsenens fan de konsumint. Dêrby skeelt dat flink yn it distribúsjekanaal, ûnder mear minder kosten en fersmoarging troch ferfier. Sytse wurket nau gear mei it biologysk ikkerboubedriuw FARMily yn Harich. Dêr is ek in winkel, dêr 't biologyske produkten (ûnder mear fleis fan Sytse syn pleats) ferkocht wurde. De omset fan dizze winkel groeit de lêste tiid behoarlik omdat der fraach is nei sokke lokale inisjativen. Sa ûntstiet der in breed oanbod fan biologyske produkten, sawol fleis, suvel as ikkerbouprodukten.

Der leit grif ek in rol foar de oerheid om ekstinsyf boeren te promoatsjen, eat dat op dit stuit net bart. As boeren beleanne wurde foar harren ekstinsive wize fan feehâlden, kin de priis fan dizze produsearre molke ek ferlege wurde.

We moatte fansels net allinnich nei it finansjele plaatsje sjen, want in legere itensproduksje soarget ek foar eangst: as alle boeren sa buorkje, is der dan aanst noch wol genôch fretten op de wrâld foar de minske? Lykwols, wy produsearje hieltyd mear iten mei in legere fiedingswearde en dêrtroch is der netto net mear iten. Dêrneist produsearje wy no benammen op de koarte termyn in soad iten, mar dogge wy dat mei ferlies foar boaiemfruchtberens en bioferskaat. Dêrmei bringe wy dus op lange termyn de fiedsekerheid krekt yn gefaar. Wrâldwiid groeit +/- 70% fan ús iten op perselen mei hiel lege opbringst. Yn Nederlân produsearje wy bygelyks 11 ton nôt de ha, wylst dat yn oare plakken op ierde om de 3 ton hinne lizze kin. Wy moatte ynsette om op in bettere wize fan lânbou ta te passen op dizze grûnen, bygelyks troch minder keunstdong, mear organyske stof, en bettere boaiemfruchtberens. Sa kinne wy fan dy 3 ton nôt de ha 3,5 ton nôt de ha te meitsjen wêrtroch 't der genôch fretten is. As lêste hat itenstekoart yn in soad gefallen mear te krijen mei it ferkeard ferdielen fan iten as dat der echt in tekoart is. Ommers, de fiedselprodusint ferkeapet syn produkt leaver djoer oan immen dy 't derfoar betellet as dat er produsearret foar ien dy 't it net betelje kin.

Dus wat moat der barre?

  • Boeren moat wer simpel makke wurde: werom nei boeren op basis fan natuerlike prinsipes;

  • De macht fan de agribusiness moat lytser makke wurde;

  • De regeldruk moat lytser makke wurde troch yn te setten op kaders rjochte op ekstinsive lânbou;

  • Binnen dizze ramten moat de oerheid de boeren it fertrouwen jaan om op har eigen wize te buorkjen; elke pleats is ommers oars;

  • It werferdielen fan de Europeeske lânbousubsydzjes sadat der net ynvestearre wurdt yn lytsere perselen yn Nederlân nóch effektiver te meitsjen, mar krekt ynset wurdt op oare gebieten dêr 't folle mear winst te beheljen falt.