Opiny: Wetter, de libbensier fan Fryslân yn 2050

Fryslân, de provinsje fan de marren en it griene lân, stiet foar in útdaging dy 't har kearn rekket: wetter! Us kostbere boarne fan libjen is net mear fanselssprekkend skjin. It grûnwetter hat slimme tekoartkommingen. Dêrtroch ferminderet de kwaliteit. Dy kwestje ferget aksje op provinsjaal, lanlik en Europeesk nivo.

20 okt. 2023
Volt vlag met de lucht als achtergrond

As Volt Fryslân wolle wy net allinnich symptomen bestride. Wy stribje ek nei in takomst dêr 't wetterbehear yntegraal ûnderdiel is fan ús deistich libben. Yn 2050 sjogge wy in Fryslân dêr ’t wy de negative impact fan fermindere grûnwetterkwaliteit op de boaiem en syn bewenners yn oanpakke. By lege grûnwetterstannen liede ta ekstra CO2-útstjit. Dêrom wolle wy in earlik systeem fan útstjitfergunningen ynstelle. Wy ferheegje it wetterpeil yn oanwiisde gebieten om natuer te beskermjen en CO 2 op te slaan yn feangebieten.

By Volt stelle wy de sûnens fan libbene wêzens foarop. In sûne boaiem, skjinne lucht en suver wetter foarmje de basis. Om nije generaasjes in feilich, skjin en duorsum lân jaan te kinnen, pleitsje wy foar in nije koers. We moatte miljeukriminaliteit oanpakke en strikte grinzen stelle oan skealike stoffen neffens WHO-noarmen. It berikken fan in klimaatneutrale en skjinne EU yn 2040 is ús ambysje. Meiwurkers fan de agraryske sektor en omwenners fan agraryske aktiviteiten fertsjinje stipe. Volt is tsjin it brûken fan skealike bestridingsmiddels lykas glyfosaat. Wy pleitsje foar in foarsoarchsprinsipe by alle stoffen en easkje in feroaring fan fergunningen, ek op Europeesk nivo. De âlde yndustry moat ferantwurdlikheid nimme foar de skea oan sûnens, klimaat, wetter en natuer.

Yn Fryslân, mei har soad marren, is wetterbehear krúsjaal. Wy stelle foar om in Deltaplan Waterland te kreëarjen, fergelykber mei histoaryske wetterprojekten. Tekoarten oan swietwetter yn 2030 en wrâldwide problemen mei swietwettertekoarten freegje om driuwende maatregels. We moatte hurde ôfspraken meitsje mei oare lannen oer de opslach en ferdieling fan smeltwater. Volt Fryslân pleitet foar ynnovaasje yn wetteropslach en boaiembehear. Grutbrûkers fan wetter moatte suniger omspringe mei dit fitale elemint. Belestingen moatte dat stimulearje en wergebrûk fan wetter moat in wetlike ferplichting wurde.

In sirkulêr wettersysteem en it fersâltsjen fan seewetter binne de kaaien ta in duorsume takomst. We moatte ynvestearje yn ynnovaasje en nije enerzjy foar wetterbehanneling. Skjin wetter is ús takomst. Tegearre kinne wy it tij keare en soargje foar in Fryslân dêr 't wetter wer de skjinne, altyd oanwêzige libbensier yn is.