Community lead (M/X)
As Community Lead bist ferantwurdlik foar it opbouwen en ûnderhâlden fan ús community yn Fryslân. Do spilest in krúsjale rol yn it ferbinen fan minsken, it stimulearjen fan belutsenens en it fersterkjen fan ús boadskip. Je wurkje nau gear mei oare teamleden en frijwilligers om eveneminten te organisearjen en derfoar te soargjen dat alle leden harren op harren plak fiele binnen Volt Fryslân.
Wat silst dwaan?
Aktyf kontakt lizze mei leden en sympatisanten, en harren belûke by ús aktiviteiten;
plannen en koördinearjen fan lokale eveneminten, lykas gearkomsten, lêzingen en boarrels;
soargje dat nije leden gau in plakje fine kinne binnen Volt Fryslân;
je hâlde kontakt mei oare community leads binnen Volt Nederland.
Dit bisto:
Do bist entûsjast, op in doel rjochte, selsstannich en kinst goed gearwurkje;
do hast affiniteit mei it lieden fan in team en ûnderfining mei it strukturearjen fan wurk;
do hast affiniteit mei relaasjemanagement en it organisearjen fan eveneminten;
do hast in natuerlike drive om ús community te ûntwikkeljen en gearwurkingen florearje te litten;
do wist nije leden oan ús te binen én mei-inoar te ferbinen;
do bist oertsjûge fan de útgongspunten fan Volt.
Skatte tiidsbesteging yn'e wike:
Hast yn trochsneed 4 oeren yn'e wike beskikber, mooglik mear yn kampanjetiid. De tiidsbesteging kin út de gearkomsten mei de teams bestean mar ek út it organisearjen fan eveneminten en it wolkom hjitten fan nije leden. De besteging is dêrtroch ferskillend yn'e wike.
Yntresse?
Bist ynteressearre yn dizze funksje? Stjoer dan in email nei [email protected] mei as ûnderwerp "Ynteresse community lead".