Saak sletten, ljocht út
Wisten je dat yn Nederlân jierliks sa 'n 1 miljard kilowattuur oan enerzjy fergriemd wurdt troch nachts it ljocht oan te litten yn kantoaren en oare grutte pannen? Dit stiet gelyk oan it jierlikse enerzjyferbrûk fan 350.000 húshâldens! Yn tiden fan in klimaat - en enerzjykrisis is dit simpelwei net oke.
Dêrom wie der op snein 5 febrewaris it lanlike inisjatyf "Saak sletten, ljocht út," powered by Volt. Ik bin yn de stêd Grins mei twa kandidaten foar de Provinsjale Steateferkiezingen, # 2 Laura Reinink en #3 Jesse Klootwijk, fan Volt Grins op paad west om flyers en stickers út te dielen om ûnder winkellju omtinken te freegjen foar dit probleem.
Ek ha we noch 'gewoan' kampanje fierd troch flyers út te dielen om Volt Groningen ûnder de oandacht te bringen. Al mei al in slagge dei dy't ek noch oppakt is troch de media. Lês it artikel mei Laura Reinink hjir.