Gastkolleezje Friesland College
Op tongersdei 16 maart hat Volt Fryslân in gastkolleezje jûn op it Friesland College yn Ljouwert. Dit kolleezje is fersoarge troch ús ko-lead Inge Koenis en kommunikaasje lead Niels Visser. Yn it ramt fan it fak ‘Ynternasjonalisearring en ynternasjonaal rjocht ’ is Volt útnûge om wat te fertellen oer de politike diminsje dy’t sjen komt by de tanimmende ynternasjonalisearring.
In tige nijsgjirrige en ferskate groep jongeren wie oanwêzich. Dit fak falt ûnder it frije kardiel wêrtroch 't de oanwêzigen ferskate opliedingen diene: fan kok en hoareka opliedingen oant international business en finance. Wie dit de oarsaak fan dat in soad studinten by oanfang seinen polityk net perfoarst hiel nijsgjirrich te finen? Troch in tal prikeljende stellingen waarden dochs libbene diskusjes fierd!
Benammen oer de fraach oft der in Europeesk leger komme moat, waard stevich en emosjoneel diskusjearre. Guon studinten freegje harren ôf oft de oprjochting fan sa ’n leger de relaasje mei bygelyks Ruslân fierder eskalearje sil. Yn it ferlingde derfan freegje se harren ek ôf wêrom 't wy Oekraïne helpe moatte wylst it lân net lid is fan de NAVO of de EU. Oare studinten sjogge Oekraïne as in lân mei Europeeske wearden dat beskerme wurde moat. Op oare punten binne de studinten mear ienriedich. Bygelyks oer it ôfskaffen fan it fetorjocht. Elkenien sjocht it fetorjocht binnen de EU leaver ferdwinen. Ek oer it jaan fan humanitêre help is de groep it iens: minsken dy 't flechtsje foar oarloch en geweld moatte opfongen wurde. Kanttekening hjirby wie wol dat it om flechtlingen gean moat dy 't út oarlochsgebieten komme, dus net om bygelyks ekonomyske flechtlingen. De skeinde diskusjes wiene tige nijsgjirrich.
Uteinlik giet it ús fansels net om de útkomst fan de diskusje. It doel fan de diskusjes wie om oan te jaan hoe kompleks politike ôfwagings binne. De diskusjes lieten sjen dat der altyd ferskillende belangen binne dy 't meinaam wurde moatte yn besluten. Dit makket de transnasjonale polityk uterst kompleks, mar likegoed sjogge de studinten yn dat transnasjonale gearwurking wol deeglik nut hat yn it oanpakken fan ynternasjonale problemen.
9 maaie is de Dei fan Europa en it Friesland College organisearret yn dy wike de Wike fan Europa. In inisjatyf dy 't wy as Volt Fryslân fansels folslein stypje. Wy sille yn dy wike dan ek wer oanwêzich wêze om mei studinten yn petear te gean oer de rol en it belang fan Europa. Wy hoopje ek dan wer op stevige en ynspirearjende diskusjes!