Kommunikaasje lead (M/F/X)

Hasto in passy foar kommunikaasje en wolst bydrage oan de sichtberens fan Volt Fryslân? As kommunikaasje lead soargesto, yn'e mande mei dyn team, foar de ynterne en eksterne kommunikaasje. Fan nijsbrieven oant social media en eveneminten, do hâldst it oersjoch en soargest derfoar dat it boadskip fan Volt helder en op tiid oerbrocht wurdt. Dêrneist ûnderhâld je kontakt mei it bestjoer en koördinearje je de gearwurking mei Volt Nederland en Volt Europa.

Wat silst dwaan?

  • Leien fan it kommunikaasje team fan Volt Fryslân;

  • mediastrategyen en kearnboadskippen ûntwikkelje;

  • de Volt identiteit bewekje en fersterkje;

  • doelgroepen en mediakanalen identifisearje;

  • gearwurkje mei Volt Nederland en Volt Europa.

Wat docht dyn team?

  • Skriuwen en fersprieden fan parseberjochten;

  • social media posts plannen en publisearjen;

  • nijsbrieven skriuwe en ferstjoere;

  • webside en oare kanalen up-to-date hâlde.

Dit bisto:

  • Entûsjast, doelrjochte en selsstannich;

  • goed yn it plannen en hâlden fan deadlines;

  • each foar detail en in echte teamspiler;

  • 2-5 oeren yn 'e wike beskikber (ek ôfhinklik fan kampanjes);

  • lid (of ree om lid te wurden) fan Volt.

Ynteresse? 

Bist ynteressearre yn dizze funksje? Stjoer dan in email nei [email protected] mei as ûnderwerp "Ynteresse kommunikaasje lead".

Wolst wat mear ynformaasje oer dizze funksje? Stjoer dan in email nei [email protected].

Sikest dochs wat oars?

Groep Volt vrijwillgers tijdens campagne in Leeuwarden voor de Waag