Closeup van een bankbiljet met pilaren erop

Fundraising lead (M/F/X)

Mei dyn fundraising team soargest derfoar dat der genôch kampanjefinansiering en beskikbere finansiering is foar de oare teams. Dat dogge wy troch fûnsewerving, crowdfunding en spesifike aksjes. Wy organisearje ek fundraising eveneminten. As team-lead soargje foar de kontakten mei it bestjoer en oare teams, hâldst it oersjoch, en helpst de rest fan de leden fan it fundraising-team mei harren taken.

Wichtige taken:

  1. Oanstjoering oan it Volt Fryslân fundraising team;

  2. Dielname oan it Volt Fryslân team-leads fergadering;

  3. Opstellen fan in fundraisingstrategy yn gearwurking mei dyn fundraising team;

  4. Teamleden traine foar fundraisings - en crowdfunding aktiviteiten;

  5. Kontakt hâlde en koördinearje mei Volt Nederlân op dit mêd.

Taken fan dyn fundraising team:

  1. Fundraise & crowdfunding aksjes identifisearje, plannen en organisearje;

  2. Nije leden aktivearje;

  3. Oare leden traine foar crowdfunding.

Dit bisto:

  • Do bist entûsjast, op in doel rjochte, selsstannich en goed gearwurkingsfermogen;

  • Do hast affiniteit mei it lieden fan in team en ûnderfining mei it strukturearjen fan wurk;

  • Do hast affiniteit mei fûnsewerving, of wolst dy graach op dit mêd ûntwikkelje;

  • Do wurkest graach gear mei oaren en stimt aktiviteiten goed ôf;

  • Do bist goed yn plannen, koördinearjen en prioriteiten stellen;

  • Do bist sawat 2-5 yn de wike beskibêr;

  • Do bist oertsjûge fan de útgongspunten fan Volt, ast noch gjin lid bist is dit in eask foar it oannimmen fan de funksje.

Ynteresse? 

Bist ynteressearre yn dizze funksje? Stjoer dan in email nei [email protected] mei as ûnderwerp "Ynteresse fundraiser lead".

Sikest dochs wat oars?

Groep Volt vrijwillgers tijdens campagne in Leeuwarden voor de Waag