Yntroduksje fan it ferkiezingsmanifest 2023
De rest fan dyn libben spilet him ôf yn ‘e takomst!
It is tiid om needsaaklike karren te meitsjen. Wy fleane fan krisis nei krisis. Klimaat, wenjen,
tanimmende earmoed, stikstof, migraasje – se hawwe allegear ien ding mienskiplik: it
binne krisissen wurden omdat karren jierrenlang foarútskood binne.
Der binne politisy dy ‘t folhâlde dat Nederlân sels in antwurd fine kin op de útdagings fan
de 21ste iuw. Mar dat is in yllúzje. As wy fet krije wolle op ús takomst, dan kin dat mar op
ien plak: yn de Europeeske Uny (EU). In sterke en ûnôfhinklike EU is de iennichste manier
om ús feiligens en besteanswissigens te behâlden en in griene takomst te berikken.
Dêrom is Volt seis jier lyn oprjochte. Jongerein troch hiel de EU stiene op en seine: “As de
âlde partijen it net dogge, dan dogge wy it sels wol ”. Want wy kinne alle útdagingen oan
en wy kinne fan problemen kânsen meitsje, as wy no wól de needsaaklike karren meitsje.
Dat kinne gjin lytse stapkes wêze: dat moatte dryste systeemferoarings foar de lange
termyn wêze. Systeemferoarings dy ‘t hoop jouwe, dy ‘t in radikaal posityf takomstbyld
sketse dêr ‘t minsken fan sizze: “Ik kin net wachtsje oant it 2050 is!” Dy takomst en de
systeemferoarings om dêr te kommen steane yn dit programma.
Radikaal foar in Feriene Europa
Wy binne derfan oertsjûge dat 2050 griener, earliker en feiliger wêze kin as 2023. Mar dat
kin mar op ien wize: mei in Feriene Europa, in federale en demokratyske EU. Wy hawwe
in politike systeemferoaring nedich: as de útdagingen de grinzen te boppe gean, moat ús
polityk ek oer grinzen hinne sjen.
De EU brûkt syn posysje as grutmacht om wrâldwiid klimaatfoaroprinner te wêzen en lannen ta in griene takomst te beweegjen.
Troch de begruttingsuny te realisearjen, nimt de krêft fan de euro ta. Sa kinne de klimaat- en definsjeambysjes bekostige wurde mei Europeeske belestingopbringsten en it oangean fan mienskiplike skulden.
Mei Europeeske belestings foarkomme wy dat multinationals belestings ûntwike troch har oer de grins te fêstigjen.
Mei in Europeeske kriichsmacht is ús beskerming yn in ûnfeilige wrâld net langer ôfhinklik fan de Feriene Steaten.
Mei in Europeeske spriedingswet soargje wy foar in earlike en humane ferdieling fan flechtlingen.
Wy skriuwe in Europeeske grûnwet om in Feriene Europa op te rjochtsjen, mei dêryn mear omtinken foar alle regio’s.
Radikaal foar it klimaat
Volt kiest foar in radikale klimaatoanpak sûnder taboes: alles op alles, én-én. Nederlân en
de EU moatte klimaatneutraal wêze yn 2040 en dêrnei ynsette op klimaatpositiviteit. Sa
bouwe wy oan in skjinne takomst wêr ‘t wy gearlibje mei de natoer. De maatskippij sil de
kommende jierren drastysk feroarje; net alles wat hjoed kin, kin oaremoarn ek noch. Wy
moatte rigoereuze karren meitsje.
Wy skrasse fossile koarteôfstânsflechten, hâlde fanôf 2030 op mei de ferkeap fan nije fossile automotoaren, gean priveejets ferbieden en slute de meast fersmoargjende fabriken oant se duorsum binne. It útrûpeljen fan minsken, bisten en de planeet kin sa net trochgean.
Wy bouwe in Europeesk netwurk foar hegesnelheidstreinen, ynvestearje yn griene stêden en stedskearnen, skjinne loft en wetter, en yn griene banen.
We skrasse de fossile subsydzjes en ferlizze dy jildstreamen nei skjinne enerzjy, griene bedriuwen en minsken dy ‘t sûnder finansjele help net ferduorsumje kinne. Allinnich as wy foar elkoar soargje, kinne wy dy feroarings stal jaan.
Wy steane foar in flugge ombûging fan yntinsive nei sirkulêre en natoerynklusive lânbou.
Wy meitsje it iepenbier ferfier oeral nei ferlet beskikber, ek yn tinbefolke gebieten.
Radikaal foar likense kânsen
Volt wol by it ferdielen fan jilden oer regio’s de sprieding fan ûnderwiis, soarch, wurk,
kultuer en publike tsjinsten sa ynrjochtsje, dat dy foar elkenien yn Nederlân goed tagonklik
binne. Volt kiest foar likense kânsen foar alle ynwenners fan de EU yn elke regio, yn de
stêd en op it plattelân. De oerheid giet út fan fertrouwen, elkenien mei himsels wêze en de
oerheid stiet noed foar ynklusiviteit. Takomstige generaasjes hoege harren gjin soargen te
meitsjen oer har besteanswissigens; dat sprekt tsjin dy tiid foar himsels.
Wy bouwe in Europeeske Sosjale Uny, dêr ‘t neffens lokale mjitstêven itselde lean foar itselde wurk, en likense wurknimmersrjochten foar hiel de EU garandearre binne en eltse ynwenner fan de EU fersekere is fan fatsoenlike libbensomstannichheden.
Wy ferheegje de bystân en it sosjaal minimum: eltsenien moat genôch jild hawwe foar wenjen, enerzjy, ûnderwiis, soarch, iepenbier ferfier en tagong ta digitale foarsjennings.
Volt hat in posityf minskbyld: in minskbyld fan fertrouwen, sûnder diskriminaasje en rasisme, mei de minsklike maat as standert.
Wy kreëarje likense kânsen foar bern troch berne-opfang beskikber te meitsjen foar alle bern, nettsjinsteande it feit oft de âlden wol of net wurkje, troch it ûnderwiis ynklusyf te meitsjen en religieus ûnderwiis net mear te finansieren, en troch studearjen foar elkenien berikber te meitsjen troch de basisbeurs te ferheegjen. Sa krijt eltsenien likense kânsen om ta ûntjouwing te kommen.
Radikaal foar in nij sosjaal-ekonomysk systeem
Volt kiest foar in komplete sosjaal-ekonomyske omkear. Wy bouwe in Nije Ekonomy dy ‘t
rjochte is op brede wolfeart, dêr ‘t ferlet fan út de mienskip en gearwurking mei de natoer
sintraal steane.
Wolfeart moat better ferdield wurde. Wurkjen giet mear leanen. Fermogen, fersmoarging en bedriuwen wurde mear belêste. Fermogenswinsten op oandielen en oare derivaten wurde mear en mei skaalde tariven belêste.
Wy sette folslein yn op sirkulêr: it ferneatigjen fan net-brûkte produkten wurdt ferbean, de funksjonele garânsje en de doer dêrfan wurde yn it foardiel fan de brûker útwreide en yn Europeeske wetjouwing fêstlein. Fast fashion wurdt ferline tiid.
It is tiid om it fiskale stelsel op te skjinjen. Wy skaffe alle taslaggen, heffingskoartings, ôflûkposten, frijstellings en wurkjouwerspreemjes ôf. Dy wurde ôfdutsen troch in oanpaste ynkomstebelesting en in nije basistaslach as opmaat nei in universeel basisynkommen.
We meitsje kreative wenoplossingen mooglik en meitsje optimaal gebrûk fan de mooglikheid ta it ombouwen fan leechsteande gebouwen. Tagelyk bouwe we nije hûzen, ferduorsumje we besteande wenten mei in isolaasje-offinsyf en bouwe wy sosjale hier- en keaphûzen trochinoar yn mingde wiken.
Radikaal foar de demokrasy
De demokrasy hat fûnemintele fernijing nedich. Volt kiest foar fertrouwen, mear ynspraak
en in stim foar elkenien fanôf 16 jier. Wy gean mei-inoar troch in tiid fan grutte feroarings
en dêryn hawwe wy - kiezer en polityk - mekoar nedich. Volt kiest foar in demokrasy fan
de 21ste iuw, dy ‘t harsels op nij útfynt om mear opsmite te kinnen foar harren ynwenners,
dy ‘t ynwenners gruttere ynfloed jout en dy ‘t har rol pakt yn de fluch feroarjende digitale
wrâld.
Wy ferleegje de stimleeftyd nei 16 jier en meitsje de generaasjetoets liedend foar nij belied, wêrtroch ‘t de gefolgen fan belied foar takomstige generaasjes garandearre meiwoegen wurde.
Wy rjochtsje it alderearste nasjonale, permaninte, boargerberied fan ‘e wrâld op dêr ‘t ynwenners fuortendaliks ynfloed mei op de politike beslútfoarming útoefenje kinne.
Wy wreidzje de Twadde Keamer út fan 150 nei 250 leden, organisearje fyszjedebatten op lange termyn en ferskowe de oandacht fan de Twadde Keamer mear nei wetjouwing.
Wy beneame in minister fan Digitale Saken, om rezjy te krijen op bygelyks keunstmjittige yntelliginsje (AI) en dêr ek krekt de kânsen fan te benutten.