Europeeske Parlemintsferkiezingen 2024 - Ferkiezingsprogramma

Volt is in unike partij. We wolle net allinnich nije polityk, we dogge it ek. Volt hat ien ferkiezingsprogramma foar alle lannen dêr 't it yn meidocht oan de Europeeske Parlemintsferkiezingen. Dit is it nije Europa dêr 't wy foar steane: in Europa foar eltsenien.

7 apr. 2024
Volt Campaign Programme, alleen eerste pagina

Yn hiel Europa sil Volt wurkje oan in bettere EU foar eltsenien. Dêrby fokusje wy op de folgjende ûnderwerpen:

  • in bettere Europeeske Uny;

  • in ynnovative en klimaatneutrale ekonomy;

  • in rjochtfeardige maatskippij.

In bettere Europeeske Uny

Nei twa ferwoastjende oarloggen brocht de ienwurding fan Europa foar it earst in tiid fan frede en wolfeart. Se hat sjen litten hoe’t men gearwurkje kin om’t we allegear minsken binne, en dat we oar lânsgrinzen hinne twaspjalt en ferneatiging foarkomme kinne. Mar de hjoeddeistige Europeeske Uny is noch net wat it wêze kinne soe. Yn in tiid dat populisme en ûnfrede tanimme, is it fan fitaal belang dat wy ús EU sa foarmjouwe dat it foar ús allegear wurket.

Lês hjir hoe't wy dit ûnderwerp konkreet oanpakke sille!

In ynnovative en klimaatneutrale ekonomy

De Europeeske ekonomy soarget al tsientallen jierren foar in hege libbensstandert. Mar wy witte dat oan dat sukses in priiskaartsje hinget. Hast alle dagen wurde we wekker mei nijs oer klimaatrampen: oerstreamingen yn it iene part fan Europa en brannen yn in oar part. Wy witte dat at wy oerlibje wolle en bedije, wy úse ekonomy oars oan stjoere moatte. Sa krije we yn dizze krisis in kâns foar in positive feroaring. Wy kinne de ynnovaasjekrêft, de kreativiteit en it talint fan Europa ynsette foar it opbouwen fan in duorsume, klimaatneutrale ekonomy dy’t ús troch de 21e iuw liedt.

Lês hjir hoe't wy dit ûnderwerp konkreet oanpakke sille!

In rjochtfeardige maatskippij

Mei syn oerfloedige helpboarnen soe Europa in plak wêze moatte dêr’t minsken út de hiele wrâld in bloeiende takomst foar harsels en har mienskip kreëarje kinne. Dochs wurdt dielname oan de maatskippij foar in soad beheind troch diskriminaasje, minne tagong ta tsjinsten en ûngelikense ferdieling fan rykdom. Troch diskriminaasje oan te pakken en út te bannen, troch op te kommen foar de rjochten fan minsken en der noed foar te stean dat elkenien tagong hat ta wat nedich is, kinne wy in mear rjochtfeardige mienskip opbouwe dêr’t elkenien yn groeie kin, wat de achtergrûn en libbensomstannichheden ek wêze meie.

Lês hjir hoe't wy dit ûnderwerp konkreet oanpakke sille!