Fakatuer kandidaat listlûker Provinsjale Steaten
Dizze fakatuer stiet iepen oant freed 22 maaie 2026, 23:59
Foar de Provinsjale Steateferkiezingen 2027 yn Fryslân
Volt stiet foar goed bestjoer op elk nivo en sjocht de provinsje as in ûnmisbere skeakel yn it oanpakken fan de grutte útdagingen fan dizze tiid, lykas klimaat, miljeu en ús libbensomjouwing. De provinsje is in selsstannich ûnderdiel fan it bestjoer fan Nederlân mei fokus op romtlike oardering. Dêrneist is de provinsje belutsen by it ymplemintearjen fan Europeesk belied lykas by wetter en natuer. Hjir komme de Europeeske ambysjes tegearre mei de lokale realiteit. De provinsje ferdielt wichtige subsydzjes en ferbynt regio’s, minsken en oerheden. Mei in Europeeske blik, in pragmatyske oanpak en radikaal positive oplossingen wol Volt gearwurking fersterkje en sjen litte dat foarútgong allinne mooglik is as wy grinzen oerstige en gearwurkje op lokaal, provinsjaal, nasjonaal én Europeesk nivo.
Volt siket in listlûker foar de Provinsjale Steaten. Steatelid is in útdaagjende, betelle, parttime baan yn in easkjende en dynamyske politike omjouwing. De Provinsjale Steaten binne fêstige yn Ljouwert en fergaderje dêr elke moanne yn it provinsjehûs. Neist dizze moanlikse fergadering binne der ek oare fergaderingen en mominten fan oerlis. As Steatelid bisto in folksfertegenwoordiger. Dat hâldt ûnder mear yn datsto yn de provinsje op wurkbesite giest foar petearen mei boargers, maatskiplike organisaasjes en bedriuwen. Dêrneist bisto ek binnen de partij in oansprekpunt en is it wichtich datsto goede kontakten ûnderhâldst mei oare fraksjes sawol binnen as bûten Volt.
Yn dit dokumint (Nederlânske ferzje) fynsto mear útlis oer de ferwachtingen dy’t wy fan dy as kandidaat hawwe, de ferwachte tiidsynvestearring yn de kampanje en de fergoeding fan in Steatelid.
Bisto yn de Provinsjale Steaten ús stimmetrekker en nije Volt-fertegenwoordiger?
Volt
Volt is dé Europeeske politieke beweging mei sitten yn it Nederlânske parlemint, de Provinsjale Steaten, meardere gemeenterieden, it Europeesk Parlemint én yn oare lannen fan de Europeeske Uny. Wy jouwe mei ús rom twahûndert Europeeske folksfertegenwoordigers in stim oan elkenien dy’t yn foarútgong leaut.
Volt is in ynklusieve organisaasje dy’t romte biedt oan elkenien. Wy sette de krêft fan diversiteit yn om bettere resultaten te beheljen foar de mienskip. Nettsjinsteande dyn gender, leeftyd, kulturele eftergrûn, fan wa’tst hâldst of watst leaust: do bist fan herte wolkom. Tegearre mei dy wolle wy wurkje oan in Nederlân en Europa fan ferbining en foarútgong.
De oplossingen fan Volt slute naadloas oan by wat der spilet yn Fryslân. Fryslân is nammentlik koploper yn duorsumens en Volt sjocht dit as in grutte kâns om Fryslân yn hiel Nederlân en yn Europa op de kaart te setten. Ek hat Fryslân in eigen kultuer om grutsk op te wêzen. Kultuer ferriket en ferbynt. Foar Volt is behâld fan eigen identiteit en tradysjes wichtich, binnen de Europeeske kontekst. Volt Fryslân set him dêrom fol oertsjûging yn foar de Fryske kultuer.
De Provinsjale Steaten
De Provinsjale Steaten binne it fertsjintwurdigjende orgaan fan de provinsje. Sy stelle it provinsjaal belied fêst, karre de begrutting goed en kontrolearje it deistich bestjoer (Deputearre Steaten) wêrfan de Kommissaris fan de Kening de foarsitter is.
De leden fan de Provinsjale Steaten wurde elke fjouwer jier keazen. De ferkiezingen fine plak op 17 maart 2027, tagelyk mei de ferkiezingen foar de wetterskipsbestjoeren.
Wat ferwachtet Volt fan dy?
As kandidaat-listlûker/- Provinsjaal Steatelid fan Volt hasto in frisse kijk op polityk en bestjoer en ûnderskriuwsto de wearden fan lykweardigens, duorsumens, solidariteit, weardichheid, rjochtfeardigens en frijheid.
Do tinkst en handelst fanselssprekkend ynklusyf en befoarderest diversiteit. Do hast in soad enerzjy en bliuwst effektyf yn in dynamyske en easkjende politike omjouwing.
Do steanst mei beide fuotten yn de mienskip en bist in ferbinend persoan mei each foar sosjale ferhâldingen. Do hast in intrinsike motivaasje om de wrâld foar elkenien better te meitsjen. Do bist belutsen by Volt en hast de ambysje om Volt fierder út te bouwen.
Do bist motivearre om dy yn te setten foar de kampanje fan Volt. Tegearre mei it team fan kandidaten giesto in petear mei kiezers. Mei dyn entûsjasme, kennis en kunde besykjesto kiezers te oertsjûgjen om te kiezen foar it Nederlân en Europa fan Volt.
Mei Volt bout Fryslân syn sirkulêre ekonomy, sirkulêre lânbou, kennis oer enerzjy-opwekking, ynnovaasje op it mêd fan wettertechnology en duorsum toerisme fierder út. Mei help fan de Europeeske Uny en foar de Europeeske Uny.
Wat giesto dwaan?
As kandidaat-listlûker/- Provinsjaal Steatelid foar Volt is der in takenpakket fóár en in takenpakket néi de ferkiezingen.
Fóár de ferkiezingen fiersto as oanfierder tegearre mei dyn mei-kandidaten kampanje foar Volt en foar dysels.
Néi de ferkiezingen nimsto, as bisto keazen, sitting yn de Steaten as fraksjefoarsitter fan de Volt-fraksje en fertsjintwurdigest dêr de Volt-wearden, it Volt-gedachtegoed en it Volt-ferkiezingsprogramma. Do besykjest yn alles watsto dochst de Volt-wearden út te dragen en it Volt-gedachtegoed om te setten yn Provinsjaal belied en yn wet- en regeljouwing. As bisto net ta Steatelid keazen wurdst, dan kinsto as kommisjelid ek dyn bydrage leverje oan de Volt-fraksje. Wy ferwachtsje datsto de hiele sittingsperioade belutsen bliuwst by de fraksje fan Volt.
Wat is derfoar nedich om de rol fan kandidaat-Provinsjaal Steatelid goed te ferfoljen?
Wy binne op syk nei de folgjende skaaimerken en kompetinsjes, mar let op:
Ut ûndersyk docht bliken dat froulike kandidaten pas sollicitearje as hja oan 100% fan de easken foldogge, wylst manlike kandidaten dat al by 60% dogge. Foar ús jildt: do hoechst net per se efter elke kompetinsje in finkje sette te kinnen om te sollicitearjen. Wy sjogge ek wis nei dyn potinsje en motivaasje.
Do hast in flinke dosis selsfertrouwen en bist in ynspirearjende en gariismaske fraksjelieder. Do nimst in foarbyldrol en witst minsken oan dy te binden. Do bist ien om op te bouwen, in teamspiler, en do steanst iepen foar arguminten, ek fan de opposysje.
Do hast kennis fan of bisto dy oan it ferdjipjen yn it meibestjoer yn de regionale en lokale polityk en begrypst hoe't dit him ferhâldt ta it funksjonearjen fan it Nederlânske en it Europeesk Parlemint.
Do hast affiniteit mei de Fryske taal en kultuer. Do hoechst dizze net sprekkke te kinnen, mar ferstean wurdt wol oanret.
Do hast in poerbêst ûntwikkele gefoel foar yntegriteit by dysels en by oaren. Do bist net sjantabel.
Do bist yn steat om problemen te begripen en om dizze dêrnei mei trochsettingsfermogen, krêft en oertsjûging op te lossen.
Do bist yn steat om struktuer oan te bringen yn, en oersjoch te hâlden by grutte hoemannichten ynformaasje. Dêrneist is it fan grut belang datsto in generalistyske ynslach hast, sadatsto dy ûnderwerpen fluch eigen meitsje kinst.
Do kenst de politike ferhâldingen en do kinst dy ferpleatse yn de posysje fan de boarger. Dêrby bisto open-minded en respektfol nei oaren. Do bist altyd ree om by te learen. Do wurkest fansels gear mei oare partijen en organisaasjes.
Do bist (polityk) sensityf en witst op hokker wize do dyn stânpunten it bêste foar it fuotljocht bringe kinst om draachflak te kreëarjen.
Do fierst polityk út in positive grûnhâlding wei. Dat betsjut datsto konstruktive oplossingen tsjinoer ûnfunderre útspraken pleatst. Dêrby steanst stevich yn dyn skuon. Do litst dy net ferliede ta plat populisme en do weachst dyn wurden soarchfâldich. Do harkest, leist út en polarisearrest net. Mar as de situaasje dêrom freget, kinsto ek skerp en doeltreffend út de hoeke komme.
Do hast kennis fan ien of mear fan de wichtichste beliedsterreinen, lykas miljeu, enerzjy en klimaat, fitaal plattelân en natuerbehear, regionale ekonomy.
Oanfoljende ynformaasje - wêrûnder inkele formele easken - oer dizze fakatuer fynsto hjir (Nederlânske ferzje). Lês dizze ynformaasje ek goed troch, foardatst beslútst te sollicitearjen.
Sollicitearje
Sollicitearje kin troch uterlik freed 22 maaie ûndersteande dokuminten te stjoeren nei de kandidatencommissie fia [email protected]
dyn cv en motivaasjebrief,
in ynfolle fragenlist yntegriteit
in tekene ferklearring fan kandidaatstelling
Hast in fraach? Nim dan kontakt op mei Jessa Feenstra (co-foarsitter kandidatencommissie) troch in e-mail te stjoeren nei [email protected].
It folsleine kandidaatstellingsproses fynsto hjir (Nederlânske ferzje).