Kandidatenkommisje (M/F/X)

Selektearjesto de talinten fan 'e takomst?
Volt Fryslân siket 3 leden foar de regionale steatekommisje. Bisto in belutsen Volter en wolsto der foar soargje dat Volt ek yn dyn gemeente en provinsje sterk fertsjintwurdige wurdt? Sollisitearje dan no by team Volt Fryslân foar de regionale kandidatenkommisje en help Volt Fryslân de folgjende stappen te setten!

Wat is en docht in regionale kandidatenkommisje?
De kandidatenkommisje beoardielet sollisitanten op geskiktheid foar funksjes dy't troch it kongres keazen wurde, lykas bestjoersfunksjes en kandidaten foar kieslisten. De kandidatekommisje soarget mei-inoar foar in skriftlike beoardieling fan 'e kandidaten en leit it advys dy't dêrop basearre is, tagelyk oan 'e kandidaten en oan it bestjoer foar. Yn dat advys stiet ek neamd of mei dy kandidaatstelling de ferplichte pariteit berikt wurdt.

Volt Fryslân kiest foar in regionale kandidatenkommisje. Dêrby stribje wy sawol yn leeftyd, gender, eftergrûn as geografyske sprieding yn de provinsje nei in lykwichtige ôfspegeling. De kandidatenkommisje kiest út har fermidden in foarsitter. De foarsitter is it earste kontaktpunt foar it regionale bestjoer. De kommisje funksjonearret ûnôfhinklik fan it bestjoer lykas beskreaun yn statuten en húshâldlik reglemint.

Foar alle kandidaten jildt dat sy:

  • De wearden fan Volt ûnderskriuwe krekt as it lokale, nasjonale, en Europeeske beliedsprogramma fan Volt. Wy binne Europeesk, gerssroots, demokratysk en ynklusyf;

  • Lid binne fan Volt;

  • Sawat 6 oant 8 oeren yn 'e wike beskikber binne;

  • In Verklaring Omtrent Gedrag (VOG) kinne oerlizze;

  • Bist gjin lid fan in oare politike (jongerein)organisaasje of partij;

  • Je kinne net tagelyk lid wêze fan de kandidatenkommisje en:

    • in oare ferkeazen posysje yn Volt Nederlân ferfolje;

    • in betelle tsjinstbetrekking ferfolje by de partij of in dêroan ferbûn rjochtspersoan;

    • in funksje ferfolje binnen Volt Nederlân dêr 't wille fan wurde kin dat de ûnpartidichheid yn it geding komme kin;

    • in funksje ferfolje dêr't men jinsels yn in posysje befynt dêr't (skynbere) belangeferfrisseling of yntegriteitsissues troch ûntstean kin.

Wat silst dwaan?

  • Seleksjeprosedueres ûntwikkelje yn gearwurking mei de nasjonale steatekommisje;

  • Seleksjeproseduere op profesjonele wize útfiere: dokuminten kontrolearje, 'background checks' útfiere, seleksjepetearen fiere, kandidaten beoardielje op geskiktheid en foardrage oan it bestjoer, dy't de kandidaten foardraacht oan it lokale kongres;

  • Profylsketsen foar fakatueres opstelle yn gearwurking mei it bestjoer foar elke fakatuere dêr't it lokale kongres oer beslút (lykas bestjoersfunksjes en kieslisten);

  • Efterôf ferantwurding ôflizze oer it proses.

Winske kompetinsjes en attitude:

  • de wearden fan Volt aktyf útdraacht yn alles wat men docht;

  • in passy hawwe foar werving en seleksje, HR-ûnderfining is in pré;

  • by steat wêze om kennis, kunde en motivaasje fan oaren te beoardieljen;

  • ûnderskriuwt dat de kandidatenkommisje ‘mei ien mûle’ praat en dat it om in fertrouwensfunksje giet;

  • in goed ûntwikkele gefoel foar yntegriteit by josels en oaren hawwe;

  • in motivearjende en heldere styl fan (mûnling en skriftlik) kommunisearjen hat;

  • each hawwe foar talint en de ûntwikkeling fan talint;

  • kin men goed yn ferskate perspektiven ferpleatse en derachter komme wat persoanen driuwt en yn beweging bringt en kin dit keppelje oan profylskets / cv;

  • kinst kandidaten op har gemak stelle en se earlike en opbouwend feedback jaan;

  • skept helder ferwachtingen en stiet iepen foar persoanlike feedback;

  • ekstra pluspunten (net easke) ast affiniteit / ûnderfining hast mei:

    • (ûntwerp fan) seleksjeprosedueres en / of it fêststellen fan winske profylomskriuwingen en / of it tapassen fan gesprekstechniken.

Ynteresse?

Bist ynteressearre yn dizze funksje? Stjoer dan in email nei [email protected] mei als ûnderwerp "Ynteresse kandidatenkommisje".

Sikest dochs wat oars?

Groep Volt vrijwillgers tijdens campagne in Leeuwarden voor de Waag