Volt Rainbow

Bestjoer (M/F/X)

Volt is permanint op syk nei nije wizen om Europeeske boargers oan harren te ferbinen. Elk bestjoerslid leveret in bydrage om soks te realisearjen troch gedreven Volters, én net-leden, te belûken by it organisearjen fan lokale aktiviteiten, it skriuwen fan belied en politike mienings - en beslútfoarming.

Wat silst dwaan?

Volt is op syk nei in bestjoer. It bestjoer fertsjintwurdiget de leden en soarget foar lieding en dúdlikens. Wat binne wy oan it dwaan? Wêr geane wy hinne? Hoe sille wy dit dwaan? Us bestjoersleden soargje foar stabiliteit en struktuer, hâlde de holle koel yn de deistige hektyk en fersekerje ús grassroots oanpak. Dêrby hearre de folgjende kearnwurden:

  • Teambuilding: Manage de teamdynamyk om de enerzjy en motivaasje heech te hâlden.

  • Coaching: Coachen fan de yndividuele teamleden en harren helpe mei harren taken wêr nedich.

  • Doelen stelle, strategy en planning: Bepeallen fan de doelen, strategy en jierplanning foar it team.

  • Koördinaasje: Koördinearje en oanjeie fan de ferskate aksjes en eveneminten dy 't plakfine.

  • Regionale ferantwurdlikens: Nim ferantwurdlikheid om de regio te helpen opbouwe. Je fertsjintwurdigje Volt EU en de wearden fan Volt op lokaal nivo.

  • Nasjonale ferantwurdlikheid: Fersprieding fan kennis en bêst practises nei oare stêden (ynklusyf grinskrusende stêden!). Je fertsjintwurdigje Volt Fryslân op nasjonaal nivo.

Foar alle bestjoersleden jildt dat sy:

  • De wearden fan Volt ûnderskriuwe krekt as it lokale, nasjonale en Europeeske beliedsprogramma fan Volt. Wy binne Europeesk, grassroots, demokratysk en ynklusyf. Offiniteit mei Europa is needsaaklik;

  • Lid binne van Volt (by ynskriuwing is in persoan automatysk lid fan de Europeeske tak, de nasjonale tak, en ek de regionale ôfdieling);

  • Sawat 8 -15u yn 'e wike beskikber is.

Wa sykje wy?

  • Kommunikatyf feardige persoanen dy 't goed binne yn plannen en organisearje en op resultaat rjochte wurkje.

  • Katyske lieders: wy sykje spesifyk lieders dy't út de Volt wei leden motivearje, belûke, útnûgje om te partisipearjen. Gjin autokratyske lieders, mar minsken dy't har komfortabel fiele by it jaan fan eigenerskip oan belutsen leden en dy't wierdreaune karren meitsje.

Proses

  • Foar de funksje fan co-foarsitter moat apart sollisitearre wurde. Fermeld dit dúdlik yn de mail nei de kandidatenkommisje ast dy funksje ambiearrest.

  • De funksjes fan ponghâlder en sekretaris binne portefúljes dy't by Volt binnen it bestjoer ferdield wurde. It is dus net nedich om hjir apart foar te sollisitearjen.

Ynteresse?

Bist ynteressearre yn dizze funksje? Stjoer dan in email nei [email protected] mei als ûnderwerp "Ynteresse bestjoe ". Ben je geïnteresseerd in deze functie?

Sikest dochs wat oars?

Groep Volt vrijwillgers tijdens campagne in Leeuwarden voor de Waag