Beliedslead (M/F/X)
As co-lead belied bisto ferantwurdlik om de ynhâldlike koers fan Volt Fryslân út te setten. Dêrby hâldsto rekken mei Volt-belied op nasjonaal en Europeesk nivo. De fokus leit earst op it útwreidzjen en ferbetterjen fan it provinsjaal belied.
Wat giesto dwaan?
Do koördinearrest en begeliedst it beliedsteam tidens it proses fan beliedsskriuwen en soargest foar dúdlike kommunikaasje;
do folgest regelmjittich wat der yn de Steategearkomsten besprutsen wurdt en wat der op de aginda stiet;
do nûgest minsken út mei ekspertize oer bepaalde ûnderwerpen;
do toetst de helberens fan beliedspunten.
Dit bisto:
Do bist entûsjast, doelgericht, selsstannich en kinst goed gearwurkje;
do hast affiniteit mei it lieden fan in team en ûnderfining mei it strukturearjen fan wurk;
do hast affiniteit mei fraachstikken rûn belied en witst hoe’tst polityk gefoelige kwestjes it bêste navigearje kinst;
do bist 2 oant 3 oere yn de wike beskikber, wêrfan ien kear yn de twa wiken fysyk.
Ynteresse?
Bisto ynteressearre yn dizze funksje? Stjoer dan in e-mail nei fryslâ[email protected] mei as ûnderwerp "Ynteresse lead belied".